Beklimming Aconcagua dien

13 mrt 2007 - 16:46

De beklimming fan de Aconcagua troch hertpasjinten hat in soad nije medyske ynformaasje opsmiten. Sadwaande fine de 'hertklimmers' dat de ekspedysje slagge is. Mar de groep hat de 7 kilometer hege top net berikt.

It inisjatyf foar de beklimming kaam ûnder oare fan Roelof Ybema fan Wommels. Hy waard yn 2003 troffen troch slimme hertproblemen. De hertpasjinten waarden by de klim begelaat troch medyske klimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)