Bernejild foar minima
De gemeente Opsterlân wol learplichtige jongerein út húshâldings mei in minumumynkommen twahûndert euro yn it jier jaan. Dy gesinnen krije no ek al in ekstraatsje, mar dat is net genôch. It giet om bern tusken de tolve en achttjin jier.
It totaalbedrach dêr it om giet, is 110.000 euro.