Rêstige ûntfangst reedriders

13 mrt 2007 - 13:24

Sven Kramer is wurch en bliid dat er no gjin wedstriidstress mear hat. Dat sei er tiisdei op Skiphol by de oankomst fan de Nederlânske reedrydploech út Salt Lake City. Dêr binne de WK Ofstannen ferriden.

Op de luchthaven wiene net in soad fans om de reedriders te ferwolkomjen, inkeld famylje en freonen. Heinze Bakker wie der wol út namme fan reedrydbûn KNSB. Hy sei 'sa grutsk as in pau te wêzen' op de prestaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)