Behanneling knuffel yn MCL
Sikehûs MCL hâlde tiisdei in saneamde 'knuffelpoly'. Bern kinne koezels meinimme en knuffeldokters ûndersykje se dan op syktes. Der wurde röntgenfoto's makke en de boarstersguodbisten krije prikjes en pleisters opplakt.
Doel fan de knuffelpoly is om bern fertroud te meitsjen mei it sikehûs. It is foar it earst dat it MCL soks docht.