Brân troch koartsluting

13 mrt 2007 - 10:46

Yn in wente oan de Dammen yn Boalsert hat moandeitejûn brân west. De oarsaak is nei alle gedachten koartsluting yn in waskmasine of in waskdroeger. It fjoer bruts út op de boppeferdjipping en bleau dêr ek ta beheind.

De brânwacht hat it fjoer útmakke, mar koe net foarkomme dat der in soad reek- en wetterskea wie. Der rekke gjinien ferwûne by de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)