Cambuur: gjin frouljusfuotbal

Gjin frouljusfuotbal by Cambuur
Cambuur is gjin kandidaat mear foar it frouljusfuotbal. De Ljouwerter club hat ferline wike yn in brief oan de KNVB skreaun dat de meiwurking oan 'e oprjochting fan in frouljusearedivysje opskort wurdt.
Cambuur fielt him net goed behannele troch de KNVB. De club regelt dat it los kin oan it begjin fan it fuotbalseizoen mei frouljusfuotbal. De KNVB stelt it beslút oer de dielnimmende clubs lykwols hieltyd út.