Soad hurdriders trapearre

13 mrt 2007 - 10:03

By in kontrôle op te hurd riden de Finkegeasterfeartwei yn De Hoeve hat de plysje moandeitemiddei ferskate autobestjoerders op de bon slingere. De plysje kontrolearre dêr mei in lasergun.

De Finkegeasterfeartwei is tige bochtich en der wurdt in soad fytst. Op de wei mei net hurder riden wurde as 60 kilometer yn 'e oere. De bestjoerder dy't it hurdste ried, hie 109 op de teller.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)