Konferinsje oer earmoed

© Omrop Fryslân
Yn Snits is ein maart in konferinsje oer earmoed fan it Europeesk Anty-Earmoednetwurk en de gemeente. De konferinsje is bedoeld foar minsken dy't yn it finansjeel net breed hawwe, mar ek foar minsken dy't wat dwaan wolle tsjin earmoed.
Troch petearen mei organisaasjes en tsjintferlieners moatte ideeën opkomme om earmoed te bestriden. Dêrby giet it net om it jaan fan mear jild, mar om nije oplossings.