Eveneminten lâns farrûte

12 mrt 2007 - 22:56

De doarpen oan de farrûte Lits-Lauwersmar, tusken Dokkum en Drachten, moatte dit jier eveneminten organisearje foar de boatsjeminsken. De rûte moat nijsgjirrich makke wurde foar wettersporters.

Foar dit jier lei der in plan om in iepen dei te organisearjen, mar dy gedachte waard moandeitejûn troch de ûndernimmers ôfsketten. Se sjogge mear heil yn aktiviteiten oer it hiele jier te organisearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)