Natuerreservaten belangryk

In Libelle
De natuerreservaten yn Fryslân wurde hieltyd wichtiger foar seldsume en kwetsbere planten, fûgels, ynsekten en tal fan oare bisten. Dat docht bliken út de ynventarisaasje fan 2006.
Wat de greidefûgels oanbelanget is der sprake fan in treurich ferhaal. Dat jildt net foar moerasfûgels en libellen. Der binne de ôfrûne tiid sels twa nije soarten libellen fûn yn Gaasterlân.