Lykspul jong Hearrenfean

12 mrt 2007 - 21:28

Jong Hearrenfean koe moandeitejûn de topper tsjin jong FC Utrecht net winne. It bleau op sportpark Skoatterwâld 0-0. By beide ploegen diene spilers mei dy't ek gauris yn it earste meidogge. Yn de lêste 20 minuten fan de wedstriid krigen de Feansters in pear bêste kânsen, mar de Utrecht-keeper woe gjin belies jaan.

Jong Hearrenfean bliuwt koprinner mei 45 punten út 20 wedstriden, nûmer twa Utrecht hat 36 út 19.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)