Ferwûnen by fleantúchûngelok

Fan it fleantúchje bliuwde net folle oer
By in fleantúchûngelok yn de buert fan Lelystêd Airport binne moandei in piloat (58) út Langsweagen en syn passazjier (28) út Swol ferwûne rekke oan de holle. De piloat kaam fan fleanfjild Drachten en woe lande op Lelystêd Airport, mar dat gie mis.
It tastel kaam op de testbaan fan de Dienst Wegverkeer telâne en kaam ta stilstân tsjin in fangrail. Ien fan de mannen is oerbrocht nei it sikehûs yn Lelystêd.