Priis foar Skriezekrite

12 mrt 2007 - 17:09

De Skriezekrite Idzegea is winner wurden fan de Sulveren Skries 2006. Moandei krige de krite de sulveren leppel en in sjek. De Sulveren Skries is in stimulearing foar projekten yn natuer- en lânskipsbehear.

De Skriezekrite is dwaande om yn in gebiet fan 1500 bunder optimale omstannichheden te kreearjen foar de bedrige skries. It hat in foarbyldfunksje en it is fernijend, fûn de sjuery.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)