Mear jongeren oanholden

12 mrt 2007 - 15:01

De plysje yn Smellingerlân hat ferline jier folle mear jongeren oppakt as yn 2005. Yn 2006 binne der 406 persoanen tusken de 12 en 17 jier oppakt. It jier dêrfoar wie dat 302.

De jongeren binne oppakt foar fernielings en krimineel gedrach. Ien fan de plakken dêr't dat in soad bart is it útgeanssintrum oan De Kaden yn Drachten. Yn it jierferslach fan de plysje stiet dat der better sicht is op de jonge fandalen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)