Aksje foar Sickenga-Oord

Fersoargingshûs Sickenga-Oord yn Wolvegea moat dy namme hâlde. Dat fine de bewenners en in groep ynwenners fan Wolvegea.
Eigner Corporatie Holding Friesland is op syk nei in oare namme foar de apparteminten dy't by it fersoargingshûs boud wurde. Dêr is in priisfrach foar útskreaun. It besteande gebou hâldt de namme Sickenga-Oord, mar de ynwenners binne benaud dat dy úteinlik ferdwynt.