Plysje: net om 'e nocht sykje
De plysje Fryslân wol ôf fan fergese sykaksjes. It komt no ferskate kearen foar dat plysje en brânwacht nei minsken sykje dy't eins net fuort binne.
Ein febrewaris noch waarden helptsjintsen yn Drylts ynset om't er boartersguod fûn wie oan 'e wetterkant. Uteinlik wie dêr neat oan 'e hân. Ek nei minsken dy't nei in ûngelok har auto ferlitten ha, wurdt faak om 'e nocht socht.