No-claim werombetelle

12 mrt 2007 - 12:27

Soarchfersekerder De Friesland jout begjin april mei-inoar 44,5 miljoen euro werom oan fersekerden. It giet om de foarôf betelle no-claim fan 2006. Wa't gjin of hast gjin soarch hân hat, krijt maksimaal 255 euro werom.

It gemiddelde bedrach dat De Friesland werombetellet is 195 euro per fersekerde. It giet lykwols om in foarriedige weromjefte. Wa't in soad soarch hân hat oan de ein fan 2006, krijt letter noch in oanslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)