Plom foar wenningkorporaasje

12 mrt 2007 - 11:12
Foto: Omrop Fryslân

Wenningkorporaasje Weststellingwerf hat as earste wenningkorporaasje fan Nederlân it label foar goed wurkjouwersskip krigen. It Kwaliteitscentrum Woningbouw Huursector rikt it label út.

Wenningkorporaasje Weststellingwerf hat it label krigen fanwege de iepen en ynformele kultuer, de bydrage fan wurknimmers oan in goed wurkklimaat en de belutsenheid fan de meiwurkers by harren wurk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)