Earste ljipaaien fûn

12 mrt 2007 - 10:35

Dit wykein binne der yn tal fan gemeenten earste ljipaaien fûn. Siebe Jan_Visser út Hollum fûn snein by Ballum it earste ljipaai fan Amelân.

It earste aai fan Menameradiel waard sneon fûn. Danny_Martijn_Tigchelaar fûn it tusken Menaam en Ingelum. Jelle de Boer fan Wytmarsum fûn sneon by Skuzum it earste aai fan Wûnseradiel. Ale_van_der_Ploeg fan Feanwâlden fûn sneon it earste aai fan Dantumadiel. Hy wie yn 2004 ek al earste finer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)