Unrêst by Caparis

Caparis: krityk op de direksje
In groep meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis dy't krityk hat op de direksje, hat in spesjaal komitee oprjochte. Dat hat de namme 'Caparis moet sociaal' krige.
Dizze wike hâldt it komitee in ynventarisaasje fan alle klachten fan wurknimmers fan Caparis. Ferskate meiwurkers ha al klage oer wurkdruk, manipulaasje en yntimidaasje. De leden fan it komitee wolle anonym bliuwe, om't se benaud binne foar ûntslach.