Lieuwe Westra twadde

12 mrt 2007 - 10:10

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein waard snein twadde yn de 'Dorpenomloop van Rucphen'. Nei 150 kilometer einige dizze klassiker yn Sint Willebrord yn in massasprint. Westra, dy't de sprint oanlûke soe foar ploechgenoat Fulco van Gulik, moast allinne Reinier Honig (Zaandam) foargean litte. Van Gulik waard tredde.

In wike lyn fytste Lieuwe Westra ek al sterk yn de 'Ster van Zwolle'. Yn dy klassiker waard hy sechsde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)