Tredde goud foar Kramer

12 mrt 2007 - 10:09

Sven Kramer hat snein yn Salt Lake City syn tredde gouden medalje wûn op it WK reedriden. Mei Carl Verheijen en Erben Wennemars wûn er de ploege-efterfolging. It trijetal ried de acht rûntsjes yn in nij wrâldrekord fan 3.37,80.

Nederlân bleau dêrmei Canada krekt foar. Ruslân waard tredde. Kramer wûn earder dit wykein ek al de fiif en de tsien kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)