Winst foar Negerman en Kramer

11 mrt 2007 - 17:51
Foto: Omrop Fryslân

De 37e edysje fan de Grouster Mereloop, oer tolve kilometer, is wûn troch Erik_Negerman. By de froulju wûn Mariska_Kramer-Postma. Beide rinners rûnen fan begjin oant ein allinnich op kop.

Negerman hie 40 sekonden foarsprong op Benjamin_Kok. Tredde waard Remon_van_Lunzen. By de froulju waard Maaike Hornstra twadde, foar Lydia_Klessens.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)