Bannen lekstutsen yn Ljouwert

11 mrt 2007 - 14:13

Yn Ljouwert binne yn de nacht fan freed op sneon fan seker 30 auto's de bannen lekstutsen. It gie ûnder mear om acht auto's op de Euterpestrjitte, fjouwer auto's op de Emmakade en trije yn de Van Cronenburghstrjitte.

De fernielerij wie hast alle kearen rjochte op de kant fan de auto dy't oan 'e dyk stie. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)