Man brûkt pepper-spray
De plysje hat snein yn Ljouwert in 21-jierrige ynwenner fan dy stêd oanholden. De man hie earder in oare Ljouwerter mei pepper-spray yn it gesicht spuite.
De twa manlju hiene spul, it is noch ûndúdlik wêr't dat oer gie. De fertochte ûtkent de spray brûkt te hawwen.