Akkrumers beoardiele lûdsskerm

De Akkrumers hoopje op minder leven fan de treinen
Akkrumers kinne meikoarten hearre wat it effekt is fan lûdsskermen lâns it spoar by har wenplak. By in byienkomst wurde lûdsopnames hearre litten fan treinen, sûnder en mei in lûdsskerm.
De byienkomst wurdt hâlden omdat de Akkrumers yn in enkête oanjaan kinne wat foar maatregels sy wolle om de lûdsoerlêst fan de treinen te beheinen. De útkomst fan dy enkête sil bepalend wêze foar de maatregels dy't naam wurde.