Kramer wrâldkampioen op 10 km

11 mrt 2007 - 08:45

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is snein yn Salt Lake City wrâldkampioen op de tsien kilometer wurden. Hy ried de ôfstân yn in tiid fan 12.41,69. Dêrmei ferbettere er syn eigen wrâldrekord, fan 12.49,88, dat er in pear wike lyn yn Thialf ried.

It poadium kleure hielendal oranje op de tsien kikometer: twadde waard Carl Verheijen, tredde Brigt Rykkje. Freed wûn Sven Kramer ek al de fiif kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)