Frij reizgje mei Mind Games

© Omrop Fryslân
Trein- en busreizgers hoege snein gjin kaartsje te keapjen op fertoan fan it Fryske boekewikegeskink. 'Mind Games' fan Koos Tiemersma is derop ta as je foar op syn minst 9 euro oan Fryske boeken keapje.
As ferfiersbewiis jildt it boek op de Arrivatreinen yn Fryslân en Grinslân, op de NS-trein oant Wolvega en yn alle streekbussen. Ek by it Frysk Museum, museum Princessehof, it Natuermuseum en it Modelspoarmuseum is der koarting.