Book Crossing Zones yn byb

10 mrt 2007 - 15:42

Yn de biblioteken fan Súdeast-Fryslân is sneon de oanset jûn foar in 'swalkboekkampanje'. It giet dan om eigen eksimplaren dy't beskikber steld wurde foar oare lêzers. Foar de swalkboeken binne spesjale plakken ynrjochte. It idee foar de 'book crossing zone' komt út it bûtelân.

Op ynternet kinne lêzers reaksjes jaan op de boeken. Oer de hiele wrâld binne de lêste fiif jier trije miljoen swerfboeken yn omrin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)