Man soalt jonge yn it wetter

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige man út Drachten hat freedtemiddei in jonge fan fyftjin jier yn it wetter smiten. Hy miende dat de jonge in freontsje fan syn eigen bern yn it wetter treaun hie. De plysje hat de man oanhâlden foar mishanneling.
De 15-jierrige seit dat er gjinien yn it wetter treaun hat. De fertochte woe de jonge net sear dwaan, mar him fernimme litte hoe't it fielt om 'in snoek te heljen'.