Skûmblusser foarkomt oerslaan

10 mrt 2007 - 13:01

De nije skûmblusynstallaasje hat der freed foar soarge dat de brân by moadesaak Blom net oersloech nei oare gebouwen. It dak fan de winkel oan it Ljouwerter Saailân gie by de brân ferlern. Boppe de winkel wennen fjouwer studinten, mar dy wiene net thús.

It fjoer sloech net oer nei de njonkenlizzende Hema en Xenos. Mei sechstich brânwachtju fan ferskate korpsen wie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)