Blom foarearst noch net iepen

10 mrt 2007 - 12:54

It kin noch wol in hiel skoft duorje foardat it útbaarnde gebou fan Blom Mode yn Ljouwert wer yn gebrûk naam wurde kin. De technyske resjezje hat sneontemoarn de oerbliuwsels fan de winkel ûndersocht en de saak dêrnei frijjûn.

Eigner Douwe Blom nimt sneontemiddei de skea op. Probleem by it iepenjen fan in tydlike winkel is dat der dan noch gjin kleankolleksje is. Dy wurdt altyd in healjier yn it foar besteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)