Cambuur ferliest fan Den Bosch

Cambuur-Den Bosch
Cambuur hat freedtejûn mei 3-1 ferlern fan FC Den Bosch. De earste goal kaam troch in miskommunikaasje tusken keeper Van der Vlag en Stam, wêrtroch't Demouge profitearje koe. Cambuur krige dêrnei wat kânsen, mar Demouge makke yn de 50ste minút de 2-0.
Yn de 83te minút makke Stegeman it noch efkes spannend, mar echte kânsen kamen der net. Van der Biezen makke yn de blessueretiid de beslissende 3-1.