Sulveren polske foar Mente

10 mrt 2007 - 10:49

Mente de Boer fan Nijlân (8) hat dit jier as earste aaisiker ûnder de tolve jier in ljipaai fûn. Freedtemoarn om fiif foar healwei achten fûn Mente it aaike net fier fan hûs. Hy hat it aaike selsstannich fûn, it lege nêst hie hy al in pear dagen op it each.

Moandeitemiddei krijt deputearre Anita Andriesen it ljipaai oanbean. Mente krijt dan it sulveren polske útrikt, de priis foar aaisikers ûnder de tolve jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)