Skorsing Sulejmani ûnjildich

09 mrt 2007 - 17:21

Oan de soap om SC Hearrenfean-spiler Miralem Sulejmani hinne liket in ein te kommen. De Serviër is troch syn âlde club Partizan Belgrado foar in jier skorst, om't beide clubs it net iens wurde kinne oer de fergoeding. Dy skorsing waard troch de KNVB oernaam, mar de FIFA hat no bepaald dat de skorsing ûnrjochtmittich is. It Servyske fuotbalbûn moat de skorsing no foar 14 maart opheffe, oars bart dat automatysk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)