Seis jier yn saak-Aldwâld

De ferkrêfting fûn plak yn dit boskje by Aldwâld
De man dy't fertocht wurdt fan ferkrêfting fan in famke yn Aldwâld is freed ek yn heger berop ta seis jier selstraf en TBS feroardiele. De rjochtbank feroardiele him earder ta deselde straf. De man komt fan Westergeast.
It misdriuw fûn begjin 2006 plak. De Westergeaster pakte it famke doe't se se te hynderriden wie flak bûten Aldwâld. De ferkrêfting fûn plak yn in boskje. Dêr bûn er it famke bleat fêst.