Fergoeding foar berging wetter

09 mrt 2007 - 13:46
Foto: Omrop Fryslân

Wetterskip Fryslân komt mei nije regels foar skeafergoeding foar boeren en natuerorganisaasjes foar it bergjen fan wetter. It giet om gebieten dy't ynrjochte binne om oerstallich wetter yn op te fangen.

Wetteropfang bart no inkeld yn natuergebieten. Der moatte mear fan sokke wetterbergingsgebieten komme. Troch bettere skeafergoedings hopet it Wetterskip op mear animo. Oanmelding bart no frijwillige basis.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)