'Ja Suster' giet wer net troch
Opnij giet in foarstelling fan 'Ja suster, nee suster' yn Wergea net troch. It giet om dy fan sneintemiddei. Famylje-omstannichheden binne de redenen. Oft de foarstelling op in oar momint ynhelle wurdt, is noch net dúdlik.
Ferline wike moasten ek al twa foarstellings útsteld wurde fanwege famylje-omstannichheden. Dy wurde ein oare wike ynhelle. Ynhelje fan dy fan snein wurdt fermeld op de website.