Alves yn de basis tsjin RKC

© Omrop Fryslân
Hearrenfean-spits Afonso Alves begjint sneon yn de basis yn de wedstriid tsjin RKC Waalwijk. De Braziliaan is wer hersteld fan in blessuere oan syn knibbel. 'En in fitte Alves stelle jo altyd op', neffens trainer Gertjan Verbeek.
Verbeek is bliid dat hy wer in berop dwaan kin op syn topskutter, want Hearrenfean kaam de lêste wiken dreech ta skoaren. Alves foel 10 febrewaris yn de thúswedstriid tsjin Vitesse út.