Noch gjin ûndersyk Mitselwier

De auto lei ûnder it pún fan de muorren
De technyske resjerzje kin noch gjin ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan de gaseksploazje yn Mitselwier. Yn it hûs gean is te gefaarlik. De ûntploffing wie tongersdeitejûn om in oere of alve. Ien bewenner hie brânwûnen en hy hie smook binnenkrige.
Jonges út it doarp hawwe de man út syn bêd weihelle yn de ruïne. De klap wie sa grut dat in part fan de muorren en de souder derút slein binne.