Mishanneling mei mobyl filme

© Omrop Fryslân
Twa jonges fan It Hearrenfean binne oanhâlden foar mishanneljen fan in plakgenoat (13), tiisdei yn in parkje oan it Gashouderplein. Dêrby waarden mei in mobile telefoan opnames makke.
In 13-jierrige jonge melde him sels by de plysje as dieder fan de mishanneling. In 16-jierrige jonge is letter oppakt. Ek hy hat bekend oan de mishanneling meidien te hawwen. Undúdlik is oft de byldopnames mei de telefoan bestimd binne foar ynternet.