Twa ferwûnen by ûngelok Blije

By in ûngelok op de Ljouwerterdyk yn Blije binne twa minsken ferwûne rekke. It giet om de bestjoerders fan twa auto's dy't op in krusing mei-elkoar yn botsing kamen.
De auto fan in man út Blije fleach dêrby in stik greide yn. De auto fan in frou út Ferwert kaam nei in heale draai ta stilstân yn 'e berm. Wat de oarsaak fan de oanriding is, is noch net dúdlik. Beide bestjoerders binne oerbrocht nei it sikehûs.