Friesland Foods hat goed jier

08 mrt 2007 - 12:17

Suvelkonsern Friesland Foods hat yn 2006 goed draaid. It nettoresultaat gie mei 22 prosint omheech nei 128 miljoen euro. Ek de omset gie foar it earst sûnt 2002 wer omheech.

De positive resultaten binne goed nijs foar boeren dy't oandielhâlder binne fan it konsern. Sy krije mear dividend útkeard. Ek kin it suvelkonsern no gruttere ynfestearrings dwaan yn de ferskate lokaasjes, ek dy yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)