Jonge fytser ferwûne yn Dokkum

© Omrop Fryslân
In jonge fan 13 jier út Dokkum is woansdei ferwûne rekke doe't in scooterrider him mei opsetsin fan syn fyts treau. It slachtoffer fytste oer de Burdaarderstrjitwei yn syn wenplak, doe't de scooterrider neist him riden kaam en him in triuw joech.
It slachtoffer klapte hurd op 'e stoepe en rûn ferskate ferwûnings op. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. De scooterrider naaide út.