Undersyk nei dea Ljouwerter
De plysje docht ûndersyk nei de dea fan in 48-jierrige Ljouwerter. De man ferdronk tiisdei yn de Dokkumer Ie yn syn wenplak. De plysje wol witte hoe't de man yn it wetter rekke is. Ek wurdt de fyts socht dêr't de man op ûnderweis wie, dy fyts is net by it wetter fûn.
De brânwacht hat nei de fynst fan de man noch besocht him te reanimearen, mar dat is net slagge.