Seewarring Harns definityf

08 mrt 2007 - 09:41

De nije seewarring fan Harns komt definityf tusken it spoar en de Willemshaven. Dat hat de Raad van State besletten. Ynwenner Jan Meester hie beswier makke tsjin it plan fan it wetterskip. Hy fynt dat de seewarring fyftich meter tichter by it wetter oanlein wurde moat, sadat romte frij komt foar hûzen en parkearen.

Meester fûn dat syn foarstellen net genôch omtinken krigen. De Raad van State wie dat net mei him iens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)