Soad belangstelling advyspanel
Hûndert Ljouwerters hawwe har oanmeld foar in sit yn it advyspanel fan de gemeenteried fan Ljouwert. Dit panel sil de ried advisearre hoe't de politike beslútfoarming oantrekliker en begrypliker makke wurde kin.
Yn it panel is plak foar acht minsken. In seleksjekommisje besteande út ûnder oare boargemaster Dales bepaald wa fan de hûndert meidwaan meie. Begjin april wurde de acht leden offisjeel beneamd.