CDA en PvdA beide 12 sitten

07 mrt 2007 - 23:50

It CDA bliuwt de grutste partij yn Provinsjale Steaten, alhoewol't de partij wol in sit ynleverje moat. It CDA giet fan trettjin nei tolve sitten. De PvdA bliuwt stean op tolve sitten, de VVD op fiif en GrienLinks sakket werom nei twa.

De FNP moat twa sitten ynleverje, fan sân nei fiif. Fierders ferdwynt D66 út de steaten. De SP giet fan twa nei fjouwer en de ChristenUnie giet fan twa nei trije sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)