FNP wint yn Weststellingwerf

© Omrop Fryslân
Weststellingwerf lit in lytse, mar opfallende winst sjen foar de FNP. Yn suver alle oare Fryske gemeenten ferliest de partij fan Johannes Kramer.
De PvdA is de grutte ferliezer mei 5,3 prosint yn Weststellingwerf, mar is noch altyd de grutste partij. De Partij foar de Dieren wint 2,9 prosint en de ChristenUnie 1,9. De SP behellet in winst fan 7,1 prosint yn Weststellingwerf.