Ljouwert: SP wint 5,2 prosint

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert bliuwt de PvdA de grutste, alhoewol't de partij wol 2,8 prosint fan de stimmen ferliest. Lykas rûnom it byld sjen lit, hellet ek de SP yn Ljouwert de grutste winst mei 5,2 prosint. Twadde winstpartij is yn Ljouwert de ChristenUnie.
Licht ferlies is der foar de FNP en foar Gemeentebelangen Fryslân. Fan de lytse nijkommers is de Partij foar de Dieren de winner yn Ljouwert. Dy partij kaam fan 0 op 2,3 prosint.